Gesprek met Pastoor JR van der Wal t.g.v. zijn zilveren priesterjubileum

WAT IS MY HILLICH

In petear oer wer ?t it op oankomt yn it libben.

Jan (Jan Romkes) van der Wal, pryster en pastoar fan Boalsert, Warkum, Makkum en Wytmarsum.

Op 13 desimber is it 25 jier lyn dat Jan van der Wal (1947, Doanjum) troch bisskop M?ller wijd is ta pryster. ?Dat wie yn de tiid dat eltse parochy noch in eigen pastoar hie. Foar myn wijing wie ik eins de earste pastoraal wurker yn de S?dwesthoeke. Der wie doe noch in grut optimisme oer de takomst fan tsjerke en parochy. We tochten doe dat wy yn in tydlik dal sieten en dat it allegear wol goed komme soe. Der kamen noch in soad minsken yn de tsjerke en der wienen noch gen?ch prysters. Mar dat optimisme is no oer. Der is no soarch oer de takomst fan de parochy?s.?

?Myn leauwen is sterk foarme troch de st?dzje fan de Roomske tradysje. Ik bin b?ten de Roomsk Katolike tsjerke opgroeid en haw in soad leare moatten. D?r hawwe hiel wat parochianen my mei holpen, faak s?nder dat se dat wisten. Ik fyn it lykwols wol wat in probleem dat by jonge ?n ?ldere parochianen faak de kennis oer it hoe as wat ?ntbrekt. De Roomsken yn Nederl?n binne net sa goed yn it ferwurdzjen fan wat se leauwe. Dat hawwe se ek net sa leard, fan eartiids ?f net. Ik l?s no yn wat ?lde Katholieke Illustraties en ek d?r giet it ek allinnich mar oer hoe heech de toer wurdt fan in nij te bouwen tsjerke of oer it tal minsken dat by in Roomske manifestaasje oanw?zich wie. Allegear b?tenkant dingen. Mar hast niks l?ze jo oer de binnenkant, oer de religieuze ?nderfining fan minsken.?

?Foar my is de eucharisty hillich, as sintrum fan it kontakt mei God, minsken en tradysje. De eucharisty ferbynt my mei de himel en de ierde, mei it ferline en mei de takomst en dat alles yn de ienf?ldige tekenen fan brea en wyn. Simpeler kin hast net en tagelyk is it tige djipsinnich. Himel en ierde, wat wie en wat komt, de minsken om my hinne en God komme moetsje inoar yn de eucharisty. It is hillich en ierdsk tagelyk en as pryster stiest der midden yn.?

?Wat my ek hillich is en wat my oan it hert giet is de planeet w?r ?t we op libje en de opdracht dy?t we hawwe om it ta in plak te meitsjen sa as God it bedoeld hat. Dizze ropping hat eltsenien. Yn dizze opdracht leaude ik eartiids as jonkje al en dizze soarch haw ik ek f?n yn de Katolike tsjerke. De tsjerke makket har net allinnich drok oer wat der nei ?s libben komt mar wiist ?s ek op ?s ferantwurdlikheid no.?

?Wat de kommende 25 jier oangiet? De soarch foar de tsjerke bliuwt fansels.Ik hoopje de kommende fiifentweintich jier boppedat noch wat mear tiid te krijen foar st?dzje en it skriuwen. No haw ik faak tefolle dingen tagelyk by de ein. Mar mear tiid foar oare dingen sil ik wol pas krije nei myn pensjoen, tink ik....?

Opskreaun troch pastor Draisma.

Vieringen binnenkort