Utnoeging!

Op tongersdeitejûn 12 septimber om 19:30 oere is de presintaasje fan Kompleten, de fyfde roman fan Marga Claus. 

 

Dit barren sil plak ha yn de H. Nicolaastsjerke fan St. Nyk. De presintaasje begjint by de Lourdesgrot achter de tsjerke, om’t yn it boek brieven foarkomme dy’t tinken dogge oan it wûnder fan Lourdes.

Henk Jongerius, Dominicaan út it kleaster fan Huissen, bekend om syn prachtige lieten in de GVL, sil wat oer it kleasterlibben fertelle, om’t de roman him ôfspilet yn in kleaster.

 

Op de achterflap fan it boek kinne we lêze:

Yn it midden fan de tweintichste ieu is der yn de Braziliaanske leprakoloany Santa Isabel sprake fan wûnderlike Mariaferskiningen, fleskes miswyn dy’t oerrinne, en genêzingen fan slim sike minsken. De nuchtere Boalserter pater Rogatus Hoogma besiket dat mystearje te befetsjen, mar Rome wol der gjin sprekken fan lije.

Anno 2010 lûkt in  Fryske skriuwster har acht dagen werom yn in Benediktijner kleaster om de histoaryske brieven oer de melaatsken by Belo Horizonte te lêzen. Se wit net dat dy brieven oer sykte en genêzing én har ferbliuw yn it kleaster benammen wat oer har eigen takomst fertelle.

 Mearkes binne mear as wier, net sasear om’t se fertelle dat draken besteane, mar om’t se oantoane dat draken ferslein wurde kinne, neffens de Ingelske skriuwer G.K. Chesterton. Foar jo leit in mearke oer wûnderbaarlike genêzingen yn in fier lân, en in net minder wûnderbaarlike sykte en dea ticht by hûs.

 Pieter Oussoren (Naardense Bijbel) oer Kompleten:

Eindelijk een boek waarin kloosterlingen als echte mensen voorkomen. Het feest der herkenning! Een aanrader voor wie ‘geestelijkheid’ en ‘klooster’ volstrekt onbekende en zeer geheimzinnige werelden zijn. Via dit prachtige boek kun je er voortaan ‘alles’ van weten. (…) Een humoristische, nuchtere kijk op het kloosterleven. Ik hoop dat de uitgever er met liefde en plezier een mooi, stevig en een beetje provocerend boek van maakt, zoals de schrijfster zich ook mooi, in zwakheid sterk en een beetje provocerend betoont. Aanbevolen dus!

Fan Marga Claus (Ljouwert, 1955) ferskynden sûnt 2000 fjouwer (dokumintêre)romans. Twa titels kamen út yn in Nederlânske oersetting, by útjouwerij Van Gennep yn Amsterdam.

 

 

Tagong foar elkenien frij!